Beskriuwing Famyljewapen BOSMA

Dield:

I. De Fryske heale earn, kommende út de dielline, swart op goud;

II. Yn sulver in reade dwersbalke, belein mei in strûs druven yn goud, sûnder blêd; de balke boppe beselskippe fan in ikel mei kapke, sûnder blêd, folslein yn grien; de balke ûnder beselskippe fan in leaf­beam, folslein yn grien.

Helmteken: in grien klaverblêd, mei trije útkommende nôtieren yn goud.

Helmkleed en wrong: read, fuorre fan wyt.

Dit wapen - ek yn de útfiering sûnder helm, helmteken en wrong, dan foarsjoen fan in gouden hûsmannekroan, fuorre fan read, mei in glêde hollebân, mei trije blêden derop - mei fierd wurde troch de nei­team fan Andries Klazes, kast­lein (teffens fallaatsman) te Skûlen­bo­arch onder Easter­mar tr. 1726 Pytje Jacobs.

Untwerp: E. Bosma, Wageningenstraat 18 te 2152 AN Nieuw-Vennep en J. Bosma, Spoorstraat-Zuid 50 te 9602 AA Hoogezand. Tekening: S. Bosma, van Hasseltlaan 498 te 2625 JG Delft.

Ferantwurding:

De Fryske heale earn jout de oarsprong út Fryslân oan. De ikel (werjûn as dy yn de doarpsflagge fan Eastermar) symboalissear­ret de beamwallen fan it stamdorp Eastermar. De stamheit wie kastlein (teffens fallaat­sman) op Skûlenboarch. Dit wurdt werjûn troch de strûs druven. Syn direkte neiteam yn Easter­mar wie komelker of (lytse) boer, fandêr it helm­te­ken mei nôtieren en klaverblêd. De skaainam­me Bosma, oannaam yn 1811, is nei alle wierskyn oflaat fan de doedestiids boskrike omkriten fan Easter­mar. Ta oantin­ken dêroan is de leaf­be­am opnaam.